Grut Midhuzen is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Grut Midhuzen leit noardeastlik fan Dokkum en súdeastlik fan Mitselwier, tusken Jouswier en Ie. De bebouwing fan de buorskip leit oan de Humaldawei (N358) en in part oan Winia's Reed. Dy lêste wei en de Grienewei ferbine him mei de buorskip Lyts Midhuzen.
Tegearre wurde de twa ek wol oantsjut as Midhuzen. De twa wurde lykwols meastal as aparte buorskippen sjoen. Grut Midhuzen falt foar in grut part ûnder Ie, in lyts diel falt ûnder Jouswier.
Earder leinen hjir de staten Mockema, Tyaarda en mear westlik Ald Holdinga.