Gysbert Japiks | ||
skriuwer | ||
Gysbert Japiks (1937), skildere troch Matthijs Harings. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1603 | |
berteplak | Boalsert | |
stoarn | 1666 | |
stjerplak | Boalsert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | Moralisearjende twaspraken, brulloftsfersen, kristlike lyryk, Neolatynsk dichtwurk, klassistyske proaza, psalberimingen | |
perioade | renêssânse, barok | |
bekendste wurk(en) |
Fryske tsjerne (1640) Fryske Rymlerye (1668) | |
útjouwer | Samuel fen Haringhouk, Boalsert | |
jierren aktyf | 1639 – 1666 | |
offisjele webside | ||
www.gysbertjapicx.frl |
Gysbert Japiks (Boalsert, 1603 - dêre, 1666) wie in Frysk skriuwer, dichter, taalgelearde, skoalmaster en foarsjonger. Hy is ferneamd wurden troch syn dichtwurk.
Japiks libbe op 'e grins fan renêssânse en barok en dy oergong is ek yn syn wurk te merkbiten. Hy ûntwikkele nei it ferfal fan 'e Aldfryske taaltradysje in nije Fryske kultuertaal. Dêryn skoep er sawol proaza as poëzij. Syn fersen skreau er – lykas yn dy perioade gebrûklik – foaral om sjonge te kinnen. By syn libben waard de Fryske tsjerne útjûn, twa jier nei syn dea ferskynt syn samle wurk yn de Fryske Rymlerye.
Nei him is de wichtichste Fryske literatuerpriis, de Gysbert Japicxpriis, beneamd. Gysbert Japiks is opnommen yn 'e kanon fan de Fryske skiednis. De talrike werprintingen fan syn wurk meitsje Japicx ta ien fan de meast lêzen skriuwers yn 'e skiednis fan 'e Fryske literatuer.