Haadplak

It haadplak fan in gebiet is almeast it plak dêr't it bestjoer fan dat gebiet fêstige is. Yn Nederlân jildt dit lykwols net foar it lânsbestjoer, dat yn De Haach fêstige is wylst Amsterdam jildt as it haadplak, de haadstêd.

At it haadplak fan in gemeente in doarp is, wurdt haaddoarp sein. Sa is it doarp Haaddoarp it haaddoarp fan de gemeente Haarlimmer Mar.

De haadplakken fan provinsjes en lân binne yn Nederlân allegear stêden en hjitte dêrom haadstêd. Nei analogy wurdt dat wurd ek brûkt foar de haadplakken fan oare lannen en provinsjes, ek dêr't it haadplak eins gjin stêd is. By in gemeente bart it minder dat in stêd as haadplak haadstêd neamd wurdt, ek om't it dan almeast stedsgemeenten binne, dêr't it haadplak net faak apart by oantsjut wurdt.

It is mûglik dat in gebiet hielendal gjin haadplak hat, om't it bestjoer net binnen it gebiet fêstige is. Sa hie Wymbritseradiel oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 gjin haadplak, om't it gemeentehûs doe yn Snits stie.


Haadplak

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne