Hercule Poirot

Hercule Poirot
David Suchet as Hercule Poirot yn 'e ôflevering Problem at Sea (1989) fan 'e Britske detektivesearje Agatha Christie's Poirot.
David Suchet as Hercule Poirot yn 'e ôflevering
Problem at Sea (1989) fan 'e Britske detektivesearje Agatha Christie's Poirot.
persoanlike bysûnderheden
sekse man
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Belgysk
berop/amt privee-detektive
oare ynformaasje
geastlike heit Agatha Christie
ûntstean 1920

Hercule Poirot (útspr.: [ɛʁˈkyl pwaˈʁoː], likernôch "ech-kúl pwa-choo") is in fiktive privee-detektive, dy't betocht waard troch de Ingelske skriuwster Agatha Christie. Yn 'e mande mei Miss Marple is hy ien fan har meast ferneamde personaazjes, al is yn syn gefal bekend dat Christie har eigen skepping net lije mocht. Poirot is in Belch dy't foarhinne as plysjeman wurke. Hy is de haadpersoan yn 33 romans, 51 koarte ferhalen en 2 toanielstikken, dy't fan 1920 oant 1975 oer in perioade fan 55 jier publisearre waarden. De ferhalen oer him binne gauris adaptearre ta harkspullen, films en tillefyzjesearjes, en Poirot is dêrby spile troch in ferskaat oan ferneamde akteurs.


Hercule Poirot

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne