Houtkap is it omseagjen of omhakjen fan beammen. Soks wurdt dyn yn sawol natuerlike bosken as yn spesjaal dêrfoar oanleine bosken. Yn it tropysk reinwâld waarden en wurde noch hieltyd beammen ûnder net duorsume omstannigens kapt, faak troch yllegale houtkap. Foar duorsume rispinge is it spesjale FSC-keurmerk yn it libben roppen.