De Hudson is in rivier yn de Feriene Steaten fan Amearika. Hy ûntspringt yn it Adirondacberchtme yn it noardlik part fan de steat New York en rint oer Albany nei de stêd New York, dêr't er by Manhattan en Jersey City lâns streamt en mûnet yn de Haven fan New York en New Jersey. De rivier is 507 km lang en hat in streamgebiet fan 36.260 km².
Yn de stêd Cohoes, inkelde kilometers benoarden fan Albany komt de rivier Mohawk út yn de Hudson.