Ierlitten is it iepenjen fan in ier mei it doel om bloed ôfrinne te litten. Der waard lang tocht dat it ierlitten in remeedzje foar tal fan syktes en krupsjes wie. Ierlitten waard yn de Aldheid al tapast en wie oant yn de 19e iuw part fan de medyske praktyk.
Ierlitten wie it wurk fan de sjirurgyn, mar ek fan de barbier.