Ierske Hongersneed (1845-1852)

Bridget O'Donnell en har bern yn de hongersneed (1849).
Hongermonumint yn Dublin

De Ierske Hongersneed, Grutte Ierske Hongersneed of Ierske Jirpelhongersneed (Ingelsk: Irish Famine, Great Famine, of Potato Famine, Iersk: An Gorta Mór) is de perioade fan slimme fiedselkrapte dy't Ierlân tusken 1845 en 1852 rekke.

De oarsaak fan de hongersneed wie yn 't foarste plak de ierdappelsykte (Phytophthora infestans).[1] De ierdappelsykte ferwoastge de ierdappelrispinge yn hiel Jeropa yn de jierren 1840, mar de gefolgen foar Ierske befolking en ekonomy wienen ekstra grut, omdat de ierdappel de wichtichste fiedselboarne foar in tredde part fan de Ieren wie. De oarsaak fan de ramp is it lêste wurd yn rûnten fan histoarisy net oer sein, mar wie yn alle gefallen in gearkommen fan de ierdappelsykte mei politike, ekonomyske en sosjale faktoaren.[2][3]

As gefolch fan de krapte oan iten en sykten stoaren goed ien miljoen Ieren.[4]. Miljoenen oaren flechten it lân út (al as net twongen) nei Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en Grut-Brittanje.

  1. Cormac Ó Gráda, Ireland's Great Famine: Interdisciplinary Perspectives, Dublin: University College Dublin Press, 2006, p. 7. ISBN 1-904558-57-7
  2. Cecil Woodham-Smith, The Great Hunger, Harmondsworth: Penguin, 1991, p. 19. ISBN 978-0-14-014515-1
  3. Christine Kinealy, This Great Calamity, Gill & Macmillan, 1994, pp. xvi–ii, 2–3. ISBN 0-7171-4011-3
  4. Woodham-Smith. The Great Famine, p204

Ierske Hongersneed (1845-1852)

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne