Iuw

In iuw is in perioade fan hûndert jierren. Yn 't bysûnder ien út in rige fan iuwen sûnt it begjin fan in jiertelling. Sa begûn op 1 jannewaris 2001 de ienentweintichste iuw fan de kristlike jiertelling.

By de oergong fan it 1999 op 2000, it lêste jier fan it tweintichste iuw, wie der in probleem mei kompjûters dat mei de iuwoergong te krijen hie, mar dat om de milenniumoergong it milenniumbrek neamd waard.

It liket wat nuver dat de begjinsifers fan de iuw net itselde binne as it nûmer fan de iuw, bygelyks: fan de jierren 1901, 1902 ... 1999, 2000, dy't de 20e iuw foarmje, hat allinnich it lêste jier de begjinsifers 20. Dat komt fansels trochdat de earste iuw begûn is mei 1, net mei 100. Foar it lêste jier fan de iuw is dy oerienkomst der al, om't de ein fan de 1e iuw yndie it jier 100 wie.

In iuw is hundert jierren of tsien desennia. Tsien iuwen binne in milennium.


Iuw

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne