J.R.R. Tolkien | ||
skriuwer | ||
J.R.R. Tolkien yn 1916. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Ronald Reuel Tolkien | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 3 jannewaris 1892 | |
berteplak | Blomfontein (Oranje Frijsteat) | |
stoarn | 2 septimber 1973 | |
stjerplak | Bournemouth (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk Dútsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, berneboeken, letterkundige non-fiksje | |
perioade | mids 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
The Hobbit The Lord of the Rings | |
útjouwer | George Allen & Unwin | |
jierren aktyf | 1937 – 1973 | |
offisjele webside | ||
www.tolkienestate.com |
J.R.R. Tolkien (folút: John Ronald Reuel Tolkien; Blomfontein (Oranje Frijsteat), 3 jannewaris 1892 – Bournemouth (Ingelân), 2 septimber 1973) wie in Ingelsk skriuwer, taalkundige en heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Leeds en de Universiteit fan Oxford. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it moderne fantasysjenre en groeide út ta ien fan 'e meast ferneamde auteurs fan 'e tweintichste iuw mei syn berneboek The Hobbit en syn trilogy The Lord of the Rings, dy't er pleatste yn in eigenoptochte fantasijwrâld mei de namme 'Midden-Ierde'. Postúm waarden ûnder redaksje fan syn soan Christopher Tolkien noch ferskate oare wurken fan him publisearre, mei as wichtichsten The Silmarillion en Unfinished Tales. Yn 2008 waard Tolkien troch de krante The Times op it sechsde plak pleatst op in ranglist mei de fyftich grutste Britske skriuwers sûnt 1945. It Amerikaanske tydskrift Forbes parte him yn 2009 it fyfde plak ta op in ranglist mei 'bêst fertsjinjende deade bekendheden'.