James Bond personaazje út 'e James Bond-searje | ||
It waaksen byld fan James Bond (mei de likenis fan akteur Daniel Craig) by Madam Tussaud yn Londen. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | 007 | |
sekse | man | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | geheim agint foar MI6 | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
M, Q, Felix Leiter, Miss Moneypenny, Bond girls | |
geastlike heit | Ian Fleming | |
ûntstean | 1953 |
James Bond is in ferneamde fiktive Britske geheim agint (mei koadenûmer 007, útspr.: double oh-seven) yn 'e tsjinst by de bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6, dy't yn 1953 skepen waard troch auteur Ian Fleming. Syn romansearje oer James Bond, dy't úteinlik tolve romans en twa bondels mei koarte ferhalen omfieme, genoat yn 'e 1950-er jierren in beskate populariteit. Yn 1962 waard de earste filmadaptaasje fan syn wurk makke, dy't útsûnderlike súksesfol wie. Oant en mei 2021 soene der yn 'e James Bond-filmsearje yn totaal 28 films ferskine, wêryn't de rol fan Bond fertolke waard troch sokke ikoanyske akteurs as Sean Connery en Roger Moore. Nau mei Bond ferbûn binne de Bond girls, de tsjeppe jonge froulju dêr't de geheim agint yn elts fan syn aventoeren mei omgiet en net selden ek mei omslacht.