Jeraazje

Jeraazje is de grutste lânmassa op ierde. Hy omfettet de wrâlddielen Jeropa en Aazje.

De grins tusken Jeropa en Aazje wurdt meast lein op de Oeral, de Oeralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus, wêrby de westkant fan de grins Jeropa is. Hoewol't de Oeral yndie in 300 miljoen jier lyn ûntstien is troch it gearkommen fan twa lânmassa's, is de reden foar de opdieling yn Jeropa en Aazje histoarysk: Foar de Griken wie Jeropa harren eigen kant fan de Egeyske See, en alles wat dêr oan fêst siet, wylst Aazje de tsjinoerlizzende, eastlike kant wie, mei Lyts-Aazje en alles wat dêr oan fêst siet.

Jeraazje foarmet tegearre mei Afrika it grutste eilân yn 'e wrâld.


Jeraazje

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne