Jiertiid

In anymaasje fan de jiertiden op de ierde.
Seizoen wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: seizoen (betsjuttingsside).

In jiertiid, of seizoen (fan it Aldfrânske seson of seison, dat "siedderstiid" betsjutte), binne fjouwer jierliks weromkommende perioades fan trije moannen. Elts fan dizze jiertiden hat har eigen skaaimerken. De jiertiden fine plak troch it draaien fan de ierde om de sinne hinne.

Yn it grutste part fan de wrâld wurdt der ûnderskied makke tusken de fjouwer jiertiden maaitiid, simmer, hjerst en winter. Net yn alle gebieten fan de wrâld wurdt der in ferdieling fan fjouwer jiertiden oanholden. Sa wurdt der op de evener sprutsen fan in wiet en in drûch seizoen, en bin der plakken yn Austraalje wêr't hja seis jiertiden kenne.


Jiertiid

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne