Jimmy Carter

Jimmy Carter
politikus
echte namme James Earl Carter jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 1 oktober 1924
berteplak Plains (Georgia)
stjerdatum 29 desimber 2024
stjerplak Plains (Georgia)
etnisiteit Ingelsk
Ulstersk
partij Demokratyske Partij
prizen Nobelpriis foar de Frede 2002
Pres. Frijheidsmedalje 1999
Grammy Award 2007
presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19771981
foargonger Gerald Ford
opfolger Ronald Reagan
gûverneur fan Georgia
amtsperioade 19711975
foargonger Lester Maddox
opfolger George Busbee
lid fan de Steatssenaat fan Georgia
(foar it 14de Distrikt)
amtsperioade 19631967
foargonger nimmen (distrikt stifte)
opfolger Hugh Carter

Jimmy Carter (folút: James Earl Carter jr.; Plains (Georgia), 1 oktober 1924 – dêre, 29 desimber 2024) wie in Amerikaansk steatsman, skriuwer en minskerjochte-aktivist. As lid fan 'e Demokratyske Partij wied er fan 1977 oant 1981 de 39ste presidint fan 'e Feriene Steaten, wylst er earder as steatssenator en gûverneur fan 'e steat Georgia tsjinne hie. Hoewol't Carter in from kristen wie, hied er tige foarútstribjende tinkbylden op it mêd fan û.m. frouljusrjochten en miljeubeskerming, dy't er ûnder syn presidintskip besocht út te dragen. As syn grutste súkses wurde ornaris de Camp David-akkoarten sjoen, wêrmei't er frede tusken Israel en Egypte wist te bewurkmasterjen. Yn eigen lân slagge it Carter lykwols net om in oanhâldende hege ynflaasje berongjen. Boppedat rekke syn reputaasje skansearre troch de slepende Iraanske Gizelderskrisis. By de presidintsferkiezings fan 1980 waard er sadwaande ferslein troch syn Republikeinske rivaal Ronald Reagan. Neitiid sette Carter him fia it troch him oprjochte Carter Center o sa yn foar de minskerjochten en de bestriding fan sykten, dêr't er de wrâld foar yn 't rûn reizge. Foar dat krewearjen waard him yn 2002 de Nobelpriis foar de Frede takend. Carter wie de iennichste Amerikaanske presidint dy't dy priis krigen hat nei ôfrin fan syn presidintskip.


Jimmy Carter

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne