It Johan Frisokanaal is in kanaal yn Fryslân, dat oanlein waard yn 1966. It kanaal ferbynt Starum mei it Prinses Margrietkanaal, dêr't it eastlik fan De Hommerts op oanslút, krekt benoarden de Kûfurd.
It kanaal is in drokbefarde wetterwei, sawol foar fracht- as plezierfartugen, dat lêste benammen by't simmer. Tusken it Prinses Margrietkanaal en Starum rint it kanaal troch fjouwer marren: de Hegemer Mar, dy't oergiet yn de Fluezen, De Holken en ta beslút de Moarre.