John William Waterhouse

John William Waterhouse

John William Waterhouse (Rome, 6 april 1849Londen, 10 febrewaris 1917) wie in Ingelsk keunstskilder, lykas syn heit. Waterhouse wurdt ta de Prerafaeliten rekkene.

Nei de middelbere skoalle yn Leeds waard er learling byldhouwe oan de Royal Academy of Arts yn Londen. Al nei in heal jier hâlde er dêrmei op om selsstannich oan de gong te gean, hy wie fral skilder. Hy wurke yn Londen yn de Primrose Hill Studios yn de wyk Kensington mar wenne in pear kilometer fierderop oan de Abbey Road. Hy skildere it leafst mytologyske foarstellingen.

Waterhouse krige in protte wurdearring mei syn kleurige, laden ôfbyldingen fan froulju, sawol yn it Britske Ryk as op de Wrâldtentoanstellingen yn de 19e iuw. Ynsipraasje helle Waterhouse út it wurk fan skriuwers sa as Ovidius, Keats, Boccaccio, Shakespeare, Tennyson en Dante. Faak wie dat it opstekken fan de loftrompet út syn hertstocht foar froulju, wetter, natuer, leafde en dea wei, faak mei in tsjustere ûndertoan.

Oer Waterhouse is fierders net folle witten.

Syn ferneamde skilderij The Lady of Shalott, is te sjen yn de Tate Gallery yn Londen.

De útstalling J.W. Waterhouse (1849-1917), Betoverd door Vrouwen wie fan 14 desimber 2008 oant en mei 3 maaie 2009 yn it Grinzer Museum yn Grins.


John William Waterhouse

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne