| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Joshua Chamberlain (folút: Joshua Lawrence Chamberlain al wied er berne as Lawrence Joshua Chamberlain; Brewer (Maine), 8 septimber 1828 – Portland (Maine), 24 febrewaris 1914), wie in tige leard Amerikaansk heechlearaar fan wa't in elk swetste oer hoe freonlik oft er yn 'e omgong wie. Hy rekke lykwols ferneamd doe't er ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch as kolonel yn 'e Slach by Gettysburg de oanfal fan 'e Súdliken op in krúsjaal diel fan it slachfjild weromsloech (mei in bajonetoanfal noch wol), en sa de bynamme Lion of the Round Top ("Liuw fan 'e Rûntopheuvel") wûn. Nei it treffen op 'e Quaker Road, dat him hast fataal waard, kaam er ek bekend te stean as Bloody Chamberlain ("Bloedige Chamberlain"). Hy focht noch yn ferskate oare fjildslaggen mei en beëinige syn militêre tsjinst as generaal-majoar. Nei ôfrin fan 'e oarloch brocht Chamberlain it ta gûverneur fan syn thússteat Maine. Uteinlik kaam er dochs noch te ferstjerren as gefolch fan 'e ferwûnings dy't er yn 'e oarloch oprûn hie.