Kantens

De tsjerke (en de mole rjochts yn byld)
Grote Geert

Kantens (Grinslannersk: Kannes) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. De gemeente Kantens wie oant 1990 selsstannich, gyng dêrnei op yn de gemeente Iemsmûn en is sûnt 1 jannewaris 2019 yndield by de gemeente It Hegelân.

It doarp is boud op en om in wier en leit oan it Boterdiep. It doarp hat nocch syn oarspronklike oksegong en in wei om de tsjerke út ± 1200 op it heechste punt fan de wier. De foar it meastepart romaanske tsjerke hat in achtsidige toer dy't ûndersteund wurdt troch in grutte steunbear mei trochgong. Oan de râne fan de wier stiet de nôt- en pelmole de Grutte Geart.

It doarp leit fuort oan de gemeentegrins mei Loppersum. Sa tichtby dat foar de gemeentlike weryndieling sels inkele huzen yn de (destiidske) gemeente Middelstum leinen. Al ridend kaam men earst in plaknammeboerd Kantens (gemeente Middelstum) tsjin en in pear hûndert meter fierderop it boerd Kantens (gemeente Kantens). By de weryndieling yn 1990 is de grins sa oanpast dat no it hiele doarp yn ien gemeente leit.

Kantens hat in fuotbalferiening, Fuotbalferiening KRC.


Kantens

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne