Katedraal fan Lincoln

Katedraal fan Lincoln
Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Lincolnshire
plak Lincoln LN2 1PX
adres Minster Yard
koördinaten 53° 14' N 0° 32' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Lincoln
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1185–1311
boustyl gotyk
Webside
lincolncathedral.com
Kaart
Katedraal fan Lincoln (East Midlands)
Katedraal fan Lincoln

De Katedraal fan Lincoln (Ingelsk: Lincoln Cathedral) of de Katedrale Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan Lincoln (Cathedral Church of the Blessed Virgin Mary of Lincoln) yn Lincoln, Ingelân, is de sit fan 'e biskop fan it anglikaanske bisdom Lincoln.

De bou fan 'e katedraal sette yn 1072 útein en gyng yn ferskate fazen troch yn it midsiuwske tiidrek. It wie 238 jier lang (1311-1548) it heechste bouwurk fan 'e wrâld en it earste gebou dat dy titel krige nei de Piramide fan Cheops. De spits fan 'e krusingstoer stoarte yn 1548 yn en waard neitiid net mear op 'e nij boud.

De katedraal is mei in oerflak fan likernôch 5.000 m² op twa nei de grutste katedraal fan Ingelân. Allinne de St Paul's Cathedral yn Londen en de katedraal fan York binne grutter.


Katedraal fan Lincoln

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne