Kavia-eftigen | ||
In pear mara's (Dolichotis patagonum) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha) | |
tuskenskift: | kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi) | |
lytsskift: | kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) | |
boppefamylje: | kavia-eftigen (Cavioidea) | |
famylje: | kavia-eftigen (Caviidae) | |
Fischer von Waldheim, 1817 | ||
De kavia-eftigen (wittenskiplike namme: Caviidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha), it tuskenskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi), it lytsskift fan 'e kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha) en de lyknammige boppefamylje fan 'e kavia-eftigen (Cavioidea).
Ta dizze taksonomyske groep hearre in stik as 20 libbene soarten, dy't allegear foarkomme yn Súd-Amearika en/of Midden-Amearika. Kwa biotoop ferskille dizze bisten fan mei strewellen begroeid woastynlân oant tropysk reinwâld en fan healiepen flakte oant berchlân. De bekendste soarte is de kavia, dy't in protte as húsdier holden wurdt. Op it mêd fan grutte rinne se útinoar fan 'e dwerchkavia's, dy't mar in sintimeter as 20 mjitte, oant de kapibara, it grutste kjifdier fan 'e wrâld, dat wol 1.34 m lang en 66 kg swier wurde kin.