Grut-Brittanje Great Britain | |
---|---|
1707 – 1801 | |
flagge | wapen |
Frânsk: Dieu et mon droit ("God en myn rjocht") Skotsk: In my defens God me defend ("Yn myn noed sil my God ferdigenje") (yn Skotlân) | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Londen |
offisjele taal | Ingelsk Skotsk, Welsk, Skotsk-Gaelysk, Norn, Kornysk |
steatsfoarm | keninkryk |
ûntstien út | ● Keninkryk Ingelân ● Keninkryk Skotlân |
opgien yn | ● Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân |
no diel fan | Feriene Keninkryk |
sifers | |
ynwennertal | ±7.000.000 (1707) ±10.500.000 (1801) |
befolkingstichtens | 30,3 / km² (1701) 45,5 / km² (1801) |
oerflak | 230.977 km² |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Pûn sterling |
It keninkryk Grut-Brittanje (Ingelsk: Kingdom of Great Britain), offisjeel Grut-Brittanje (Great Britain), wie in selsstannige steat yn West-Jeropa fan 1 maaie 1707 oant 1 jannewaris 1801. De steat ûntstie nei it Ferdrach fan de Uny (Treaty of Union) fan 1706 en waard befêstige troch de Acts of Union 1707, dêr't de keninkriken Ingelân (mei Wales) en Skotlân ien keninkryk foarmen dy't gâns it eilân fan Grut-Brittanje mei syn eilannen, mei útsûndering fan de Kanaaleilannen en it eilân Man. De nije steat waard regearre troch ien parlemint en oerheid dy't syn sit hie yn it Paleis fan Westminster. Nettsjinsteande dat bleaune it Ingelsk rjocht en it Skotsk rjocht jilden yn harren eigen jurisdiksjes.