Klaai

Klaaigrûn yn Estlân.

Klaai is in klastysk sedimintêr stiente, dat benammen bestiet út lutum, grûnpartsjes lytser as 2µm.

As de grûn foar mear as 25% bestiet út lutumpartsjes kin der sprutsen wurde fan klaai. By 25% oant 35% lutum is it lichte klaai, by 35% oant 50% is it matich swiere klaai en by mear as 50% wurdt sprutsen fan swiere klaai.

Klaai bestiet út klaaimineralen, wêrfan in soad ferskate soarten besteane. Klaaigrûnen litte, yn fergelyk mei sân, mar min wetter troch. Yn drûge tiden hâlde se in soad wetter lang fêst, mar yn wiete tiden komme in soart gewaaksen om omdat se fersûpe. Ek hawwe klaaigrûnen minder lêst fan útspieling as sângrûnen. Hjirtroch hâlde se better fiedselstoffen foar planten fêst en binne se oer it algemiene fiedselryk. Besikingen om yn it ramt fan natoerbehear klaaigrûnen te ferskraaljen binne net slagge.

Klaai komt yn Nederlân benammen foar yn de kuststreken (seeklaai) en by de rivieren del (rivierklaai) en mear it lân yn op hegere parten komme beekklaai en liem foar. Klaaigrûnen dy’t ûntwettere wurde, komme leger te lizzen, trochdat it wetter dat soarge foar mear romte tusken de klaaipartsjes ferdwûn binne en de klaaipartsjes tichter op elkoar komme te lizzen. Dit ferskynsel wurdt ynklinken neamd. Ynklinking is ien fan de oarsaken fan boaiemsakjen.


Klaai

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne