Kleastermoppen, ek wol kleasterstiennen, mûontsestiennen en âlde friezen neamd, binne midsiuwske bakstiennen. Se wienen folle grutter as de hjoeddeistige bakstiennen en waarden benammen brûkt foar kleasters, tsjerken en kastielen. Hoewol't it net mei wissichheid fêststeld wurde kin wurdt útgien fan de hearskjende opfetting dat kleasteroarders oan de basis fan de bakstienfabrikaazje stienen, sa't de namme al tinken docht; ek bakstiennen dy't net troch muontsen bakt waarden, waarden yn de folksmûle sa neamd. Guon huzen waarden ek út kleastermoppen oplutsen, mar omt se sa djoer wienen, waarden huzen doe meastentiids fan hout boud.