Kleastersk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Gerkeskleastersk | |
eigen namme | Kloasters | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | ûnbekend | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nedersaksysk ● Westnedersaksysk ● Noardsaksysk ● Grinslânsk ● Kleastersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint |
It Kleastersk of Gerkeskleastersk (Kleastersk: Kloasters) is in Nedersaksysk dialekt, dat sprutsen wurdt yn 'e twillingdoarpen Gerkeskleaster en Strobos. It taalgebiet leit dêrmei yn it easten fan 'e Fryske gemeente Achtkarspelen, tsjin 'e grins mei de provinsje Grinslân oan. It Kleastersk kin beskôge wurde as in oergongsdialekt tusken it Frysk en it Grinslânsk.