Korporaal

In korporaal is yn 'e militêre hierargy in rang dy't tusken de ûnderofsieren en de sljochtwei soldaten yn sit. Soms wurdt de korporaal ta de ûnderofsiersrangen rekkene, mar formeel heart er dêr net ta. De rang fan korporaal komt foar by de lânmacht, de marine, de loftmacht en de mariniers. By de mariniers is de formele namme fan 'e rang korporaal-marinier. By de lânmacht en de loftmacht besteane twa gradaasjes: de (hegere) korporaal 1e klasse en de (legere) korporaal. By de maresjesee binne de ekwivalinte rangen maresjesee 1e klasse en maresjesee 2e klasse. De oansprektitel foar sawol in korporaal 1e klasse, in korporaal-marinier as in korporaal is "korporaal", útsein by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine, dêr't om histoaryske redens de oansprektitel "kertiermaster" brûkt wurdt.

De boppelizzende rang is sersjant, behalven by de kavalery en artillery, dêr't it wachtmaster is. De ûnderlizzende rang is soldaat 1e klasse de lânmacht en by de loftmacht; matroas 1e klasse by de marine; en marinier 1e klasse by de mariniers. It wurd 'korporaal' is yn 'e sechstjinde iuw oan it Frânsk ûntliend, dêr't njonken corporal ek de foarm caporal bestie. Dy kaam wer fan it Italjaanske caporale, in lytse capo ("haad"), oftewol de oanfierder fan in lyts groepke soldaten. Uteinlik giet capo wer werom op it Latynske caput, dat sawol "haad" as "holle" bestjut.


Korporaal

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne