In kraj (ornaris oerset as "territoarium", "regio" as "krite") is de pleatslike oantsjutting foar bestjoerlike ienheden yn Tsjechje, Slowakije (meartal: kraje) en yn Ruslân (край, kraj, meartal: kraja). It wurd kin yn it Frysk letterlik oerset wurde as "krite", "regio" as "goa". Yn Ruslân wurde kraja ornaris foar "regio" as "provinsje" oantsjut, mar oerset as "territoarium". Ek it wurd oblast ("gebiet") hat dêre likernôch deselde betsjutting.
Yn dy trije lannen, allyk yn in soad oare Slavysktalige lannen is it begryp kraj as krajina net allinnich ornearre foar politike ienheden, mar hat de betsjutting in wiidweidiger begryp, sa as bygelyks in gea oa goa. Bygelyks de oblast Kaliningrad (it gebiet fan Keningsbergen) wurdt gauris mei de net offisjele namme Jantarny Kraj (Bernsteinlân) oantsjut. It wurdt kin likernôch ferlike wurde mei it Dútske Kreis