It yn 1908 oprjochte protestante Kristlik Frysk Selskip (KFS) hie ta doel it brûken fan it Frysk (ek) yn Kristlike fermiddens te stimulearjen. De ortodokse protestante Friezen fielden har net thús by it liberale en faak anty-tsjerklike Ald Selskip. Dûmny Sipke Huismans wie de man dy't mei Anders Minnes Wybenga de oanset joech ta de oprjochting fan wat yn earsten it Kristlik Selskip for Fryske Tael- en Skrifttekennisse hjitte soe. Yn it midden fan de 20-er jierren komt der mei Hendrik van Houten en Fedde Schurer in koerswiziging fan taal- skriftekennisse nei in mear striidbere koers foar emansipaasje fan it Frysk. De namme wurdt dan ek feroare yn koartwei Kristlik Frysk Selskip en se rjochtsje har mear op it brûken fan it Frysk op skoalle, yn 'e tsjerke mar benammen ek yn it iepenbier bestjoer en de rjochtspraak.