Langereach (Dútsk en offisjeel: Langeoog) is in eilân, it fiifde yn de rige fan bewenne Eastfryske eilannen. It is 19,6 km² grut en 14 km lang en der wenje om-ende-by 2.150 ynwenners (2004). It ienichste doarp fan it eilân is Langereach, oan de noardwestkant. Yn it westen skiedet de Akkumer Ie it eilân fan Baltrum, en yn it easten skiedet de Otzumer Balje it fan Spikereach. It eilân heart ta de Dútkse dielsteat Nedersaksen en it distrikt Wittmund.