Larry Flynt

Larry Flynt
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Larry Claxton Flynt jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 novimber 1942
berteplak Lakeville (Kentucky)
stoarn 10 febrewaris 2021
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoprodusint
jierren aktyf 19722021
offisjele webside
www.larryflynt.com

Larry Flynt (folút: Larry Claxton Flynt jr.; Lakeville (Kentucky), 1 novimber 1942 - Los Angeles, 10 febrewaris 2021) wie in Amerikaansk produsint en útjouwer fan pornografy en miljonêr. Hy groeide op yn earmoede, mar fertsjinne in kaptaal mei de útjefte fan it blêd Hustler. Sûnt in moardoanslach yn 1978 wied er fan 'e mul ôf ferlamme. Hy stie bekend om syn striid foar de frijheid fan mieningsutering en tsjin skynhilligens yn 'e Amerikaanske polityk. Oan diskant fan 'e Atlantyske Oseaan wied er benammentlik bekend rekke troch de spylfilm The People vs. Larry Flynt, dy't syn libben portrettearre.


Larry Flynt

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne