Lewis Carroll | ||
skriuwer | ||
Lewis Carroll yn 1863. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Charles Lutwidge Dodgson | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 27 jannewaris 1832 | |
berteplak | Daresbury (Ingelân) | |
stoarn | 14 jannewaris 1898 | |
stjerplak | Guildford (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | berneboeken, fantasy, poëzij, non-fiksje | |
perioade | 2e helte 19e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Alice's Adventures in Wonderland Through the Looking-Glass | |
jierren aktyf | ±1850 – 1898 | |
offisjele webside | ||
www.lewiscarroll.org |
Lewis Carroll (it pseudonym fan Charles Lutwidge Dodgson, Daresbury, 27 jannewaris 1832 – Guildford, 14 jannewaris 1898) wie in Britsk skriuwer, dichter, wiskundige, logikus, fotograaf, útfiner en anglikaansk deken. Hy is it bekendst wurden troch syn berneboeken Alice's Adventures in Wonderland (letter troch de Disney-ferfilming better bekend wurden as Alice in Wonderland) en it ferfolch dêrop, Through the Looking-Glass. Syn fantasij en grutte talint foar wurdboarterijen en logika meitsje syn ferhalen bysûnder foar sawol bern as folwoeksenen. Carroll syn wurk is sûnt de earste publikaasje, yn 'e njoggentjinde iuw, altyd populêr bleaun en hat in grutte ynfloed útoefene op lettere skriuwers, net inkeld op it mêd fan 'e jeugdliteratuer, mar ek wat oare sjenres oanbelanget, lykas fantasy.