Lord of Emperors | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Guy Gavriel Kay | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2000, Toronto | |
oarspr. útjwr. | Simon & Schuster | |
rige | ||
rige | The Sarantine Mosaic | |
● foarich diel | Sailing to Sarantium | |
● folgjend diel | – | |
kodearring | ||
ISBN | 0 74 34 08 25X |
Lord of Emperors is in fantasyroman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "Hear fan Keizers", wêrmei't ferwiisd wurdt nei God (of yn dit ferhaal Jad). It boek heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet yn in wrâld dy't basearre is op it Middellânske-Seegebiet út 'e sechsde iuw, yn 'e tiid fan it hichtepunt fan it Byzantynske Ryk ûnder keizer Justinianus I.
Lord of Emperors foarmet it twadde diel fan 'e duology The Sarantine Mosaic, en is it ferfolch of Sailing to Sarantium. It boek fertelt it ferhaal fan Caius Crispus, in mozayklizzer út Varena, dy't troch keizer Valerius II nei Sarantium ûntbean wurdt en dêr oan kop en earen ta behelle rekket yn 'e yntriizjes fan it Keizerlik Hôf. Lord of Emperors waard yn 2000 publisearre troch útjouwerij Simon & Schuster, en kaam neitiid út yn ferskate werprintingen. It boek waard yn 2001 nominearre foar de World Fantasy Award yn 'e kategory bêste roman.