In maar is yn Grinslân en East-Fryslân de namme foar in wetterrin. Dy namme is besibbe oan de Fryske mear. Maren binne meast smelle, ûndjippe, natuerlike, soms ek net-natuerlike streamkes (fearten of sleaten) dy't al iuwenlang besteane. Sy komme it meast foar yn de Grinslanner goaen Hunsingo en Fivelingo en yn de Krummhörn.
In stikmannich foarbylden:
By wetterskip Noardersylfest binne mear as 100 wetters dy't de útgong "-maar" hawwe. Lytse wetters wurde meast oantsjut mei tocht. Yn it easten fan Grinslân wurdt faak praat fan diep(je) en watering.