Max von Sydow | ||
akteur | ||
Max von Sydow, 2005 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Max Carl Adolf von Sydow | |
nasjonaliteit | Sweedsk Frânsk | |
berne | 10 april 1929 | |
berteplak | Lund | |
stoarn | 8 maart 2020 (90 jier) | |
stjerplak | Provâns | |
etnisiteit | 8 maart 2020 | |
jierren aktyf | 1949-2020 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Max Carl Adolf von Sydow (Lund, 10 april 1929 - Provâns (Frankryk), 8 maart 2020) wie in Sweedske akteur en filmregisseur. Hy wie ek Frânsk boarger sûnt 2002. Hy hie glânsrollen yn in protte films en byrollen yn tsientallen oaren. Von Sydow hat meidien yn films yn tal fan spraken, lykas Sweedsk, Ingelsk, Italjaansk, Dútsk, Deensk en Spaansk.
Max von Sydow waard troch de films fan Ingmar Bergman ynternasjonaal ferneamd; it smiet moaie karakterrollen foar him op, al hat er faak de rol fan 'minnen ien' tawiisd krigen. Dat hie eat te krijen mei de wat strange útstrieling fan syn antlit. Fral yn Amerika hat dat lêste him wolris opbrutsen.
Syn grutste sukses hie er mei kwaliteitsrollen yn de films Hawaii (1966) en The Exorcist (1973); foar beide rollen krige er in Golden Globe-nominaasje. Mei de troch himsels regissearre film Katinka (Ved vejen, 1988), fertsjinne Von Sydow de Guldbagge Best Director Award.