De Maya's (Yucateeksk Maya: maaya'ob, Spaansk: mayas) binne in folk yn it suden fan Meksiko en noardlik Sintraal-Amearika. De term wurdt brûkt as oerkoepeljende namme foar in grut oantal ynlânske folken út deselde regio, dy't deselde kulturele en taalkundige eftergrûn hawwe.
Hjoed de dei binne der sa'n 7 miljoen Maya-sprekkende boeren en stedelingen yn Guatemala, Belize, Honduras en yn de Meksikaanske steaten Yûkatán, Kwintana Roo, Kampesj, Sjiapas en Tabasko. De Maya’s binne ferdield oer 29 ferskillende folken. Op it skiereilân Yûkatán wenje fierút de measte Maya’s. De Maya yn Guatemala hawwe fan alle Maya-folken de measte skaaimerken fan de âlde Mayakultuer hâlden. Dit omdat hjir de ynlânske folken oant fier yn de 20e iuw skaat hâlden waarden fan Europeanen en harren neisieten.