Merry Madagascar | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | David Soren | |
produsint | Joe M. Aguilar | |
útfierend produsint |
Mireille Soria Eric Darnell Tom McGrath | |
senario | Eric Darnell Tom McGrath David Soren | |
muzyk | Heitor Pereira | |
filmstudio | DreamWorks Animation PDI | |
distribúsje | DreamWorks Animation | |
spilers | ||
haadrollen | Ben Stiller Chris Rock David Schwimmer Jada Pinkett Smith | |
byrollen | Danny Jacobs Tom McGrath Carl Reiner | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 17 novimber 2009 | |
foarm | koarte tekenfilm | |
sjenre | aventoerekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 28 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Madagascar |
Merry Madagascar is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn 'e foarm fan in koarte kompjûteranimearre tekenfilm út 2009. It is in tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst, en de titel betsjut sadwaande "In noflike Madagascar tawinske". De film makket diel út fan 'e kommersjeel tige súksesfolle Madagascar-franchise. Merry Madagascar waard regissearre troch David Soren. De film hat in spyldoer fan 28 minuten en folget de bisten út 'e populêre lange tekenfilm Madagascar, út 2005, as se yn Madagaskar de krystman moetsje.