Micha | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | מיכה ("Miḵah") | |
auteur | Micha e.o. | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 8e – 6e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Jona | |
● folgjend diel | Nahum | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Micha | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Micha, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מיכה, Miḵah, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Micha in bibelboek op himsels, it 33ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).
It boek Micha hjit de profesijen te omfetsjen fan 'e profeet Micha, út it doarpke Morêsjet yn it keninkryk Juda, dy't libbe hawwe moat yn 'e achtste iuw f.Kr. It is ûnder bibelwittenskippers lykwols rûnom (sij it net unanym) akseptearre dat inkeld Micha 1-3 materiaal fan 'e profeet Micha sels beslacht, wêryn't er foarseit dat itselde lot fan it noardderryk Israel (dat troch de Assyriërs oerweldige wie) ek Juda treffe sil as it folk net weromkeart fan syn ferkearde wegen. Dy profesije kaam by Micha syn libben net út, mar goed hûndert jier letter, doe't Juda troch de Babyloaniërs bedrige waard, waarden syn foarsizzings bewurke en útwreide om har fan tapassing te meitsjen op 'e nije sitewaasje. Noch wer letter, nei de fal fan Jeruzalim, yn 586 f.Kr., en de Babyloanyske Ballingskip (586-538 f.Kr.), waard de tekst noch fierder útwreide om 'e omstannichheden fan ûnder en nei de Ballingskip wer te jaan. De earste folsleine Fryske oersetting fan Micha stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.