Steat Missoery State of Missouri | |
---|---|
flagge | wapen |
Salus populi suprema lex esto (Latyn, "Lit de wolfeart fan it folk de heechste wet wêze") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | MO |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1821) |
haadstêd | Jefferson City |
grutste stêd | Kansas City (Missoery) |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 6.063.589 (2014) |
befolkingstichtens | 33,7 / km² |
oerflak | 180.533 km² (1,2% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Show Me State |
tiidsône | UTC –6 |
simmertiid | UTC –5 |
webside | www.mo.gov |
Missoery (Ingelsk: Missouri; útspr.: [mɪ'zɜɹi], likernôch "mizzurry", of [mə'zɜɹi ], likernôch: "m’zurry"), offisjeel de Steat Missoery (Ingelsk: State of Missouri), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Missoery, byneamd de Show Me State, leit yn it sintrale part fan it lân, oan 'e rivieren de Missoery en de Mississippy, en wurdt no ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene, hoewol't it histoarysk ta it Amerikaanske Suden hearde. De haadstêd is Jefferson City, mar de grutste stêd is Kansas City (Missoery) (net te betiizjen mei Kansas City yn Kansas). Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 6,1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 18e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Missoery mei minder as 181.000 km² de 21e steat. Missoery stiet bekend om syn rivieren en om syn skiednis as de 'springplanke' foar de kolonisaasje fan it Wylde Westen.