De Mockemastins stie oan de Humaldawei te Grut Midhuzen ûnder Ie, gemeente Dongeradiel. It stinsterrein is no greide, de stinswier is ôfgroeven.
Oer it ûntstean fan de stins is neat bekend. De Mockema's hienen oan de ein fan de 15e iuw stinzen yn Ealsum en Ie; neffens de tradysje kamen se oarspronklik fan Moarre (sjoch ek: Holdinga en Mockema yn Ealsum en *Oldhuystra yn Moarre). Mooglik wie Take Mockema om 1470 hinne al eigener fan dit hûs (it hûs yn Ealsum soe fan syn frou Doedt Holdinga komme kinne). Yn elk gefal wie de soan fan Takes, Popcke Mockema, yn 1501 eigener fan Mockema yn Ie. Yn dat jier lieten Popke en syn broer Gerbrant Mockema, dy't yn ballingskip wienen omdat se tsjinstanners fan it Saksyske bewâld wienen, it hûs troch tolve soldaten besette. Dat huys was dick ende sterk, mar mei swier kanonfjoer slagge it de lânshearlike soldaten it hûs yn te nimmen en dêrnei yn de brân te stekken en te fernielen.
Yn 1511 ferpachte Popka Mockama in sate by Mockama huys en dêrneist in soad oar lân. Yn 1578 wenne Popke syn efterneef Taecke Bottes Mockema yn Ie. Yn 1700 waard de state mei de âld stins oan de pachter Jacob Mackes ferkocht. Sûnttiid wie Mockema in buorkerij. Yn 1718 wurdt it as pleats yn singels oanjûn, om 1850 joech Eekhoff it plak dêr't it hûs stien hie oan mei in stjerke. Yn 1849 waard de âlde pleats Mockemasate ôfbrutsen en gie de namme oer op de pleats njonken it stinsterrein fan de famylje Meindertsma.