De murd (wittenskiplike namme: Mustela putorius) is in is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela). Dit bist is lânseigen yn it grutste part fan Jeropa (wêrûnder Fryslân) en dêropta ek yn in stikje fan westlik Sibearje. De murd is in lyts linich rôfdier dat nachts aktyf is en folle minder territoriaal is as oare martereftigen. De murd ûntjoech him yn it Midden-Pleistoseen yn West-Jeropa, en is it naust besibbe mei de steppemurd (Mustela eversmanii), de swartpoatmurd (Mustela nigripes) en de Jeropeeske nerts (Mustela lutreola). Mei de earste beide fan dy trije soarten kinne murden fruchtbere neikommelingen produsearje. De murd is de wylde foarâlder fan 'e fret (Mustela putorius furo), dy't mear as 2.000 jier lyn domestisearre waard foar ûngediertebestriding. De IUCN klassifisearret de murd as net bedrige.