Nicola Sturgeon | ||
politikus | ||
echte namme | Nicola Ferguson Sturgeon | |
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 19 july 1970 | |
berteplak | Irvine (Skotlân) | |
etnisiteit | Skotsk Ingelsk | |
partij | Skotske Nasjonale Partij | |
Premier fan Skotlân | ||
amtsperioade | 2014 – 2023 | |
foargonger | Alex Salmond | |
opfolger | Humza Yousaf | |
Fise-premier fan Skotlân | ||
amtsperioade | 2007 – 2014 | |
foargonger | Nicol Stephen | |
opfolger | John Swinney | |
Skotsk minister fan Ynfrastruktuer, Ynvestearrings en Stêden | ||
amtsperioade | 2012 – 2014 | |
foargonger | Alex Neil | |
opfolger | Keith Brown | |
Skotsk minister fan Folkssûnens en Wolwêzen | ||
amtsperioade | 2007 – 2012 | |
foargonger | Andy Kerr | |
opfolger | Alex Neil | |
Lid fan it Skotske Parlemint | ||
amtsperioade | 1999 – no |
Nicola Sturgeon (folút: Nicola Ferguson Sturgeon; Irvine (Skotlân), 19 july 1970) is in Skotsk politikus, dy't yn 2014 nei it ôftreden fan har foargonger Alex Salmond de fyfde premier fan Skotlân en de partijlieder fan 'e Skotske Nasjonale Partij waard. Yn elk fan dy funksjes wie se de earste froulike amtsdrager. Sturgeon wie ek in lid fan it Skotske Parlemint en fertsjintwurdige dêr it kiesdistrikt Glasgow Southside, yn 'e stêd Glasgow. Yn 2023 trede se ûnferwachts ôf as premier.