Nobelpriis | ||
![]() | ||
Nobelpriis medalje | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() ![]() | |
útrikt foar | Bydrage dy't de minskheid it grutste foardiel oplevere hawwe op it mêd fan Natuerkunde, skiekunde, fysiology of genêskunde, literatuer en frede. | |
útrikt troch | Sweedske Akademy fan Wittenskippen (Natuerkunde en skiekunde) Karolinska Ynstitút (fysiology of genêskunde) Sweedske Akademy (literatuer) Noarsk Nobelkomitee (frede) | |
frekwinsje | Jierliks | |
plak | Stockholm, ![]() Oslo, ![]() | |
1e útrikking | 10 desimber 1901 | |
offisjele webside | ||
Webstee fan The Nobel Foundation |
De Nobelpriis is in jierlikse priis foar minsken dy't in opmerklike prestaasje levere hawwe op it mêd fan Natuerkunde, Skiekunde, Fysiology of Genêskunde, Literatuer en befoardering en behâld fan de Frede. Oan de priis is in net ûnaardich jildbedrach ferbûn mar de erkenning en prestiizje binne foar de measte winners de wichtichste beleaning.
De priis foar de frede is de ienige dy't takend wurdt troch it Noarske regear. De oare priiswinners wurde nominearre troch ferskillende Sweedske universitêre kommisjes.
De priis is by testamintêre beskikking ynsteld troch de tige rike Sweedske yndustrieel Alfred Nobel. De priis waard foar it earste útrikt yn 1901 yn de Alde Muzykakademy fan Stockholm. De priis wurdt sûnt dy tiid op de stjerdei fan Nobel (10 desimber) útrikt troch de Noarske en Sweedske kening.
De jildpriis, tsjintwurdich 10 miljoen Sweedske kroanen (ûng. 1,1 mio euro), is bedoeld foar fierder ûndersyk.
Fierder wurdt sûnt 1968 de priis fan de Sweedske Ryksbank foar Ekonomy ta neitins oan Alfred Nobel foar ekonomyske wittenskippen takend, dy 't faak ûnterjochte de Nobelpriis foar de Ekonomy neamd wurdt. Dizze lêste priis wurdt subsidiearre troch de Sweedske Sintrale Bank. Famylje fan Alfred Nobel distansjearret him fan dizze ekonomy priis [1]