Oblast

In oblast (Russysk en Oekraynsk: область, Wytrussysk: вобласць of вобласьць (Łacinka: vobłaść - "voblast"); Tsjechysk en Slowaaksk: oblast; Bulgaarsk: област; Kazachsk: облысы as oblısı) is in bestjoerlike ienheid yn ferskate lannen lykas de Russyske Federaasje, Oekraïne, Wyt-Ruslân, Kazachstan, Kirgyzje, Bulgarije, Slowakije en foar in skoft yn it eardere Jûgoslaavje. De oblast is te ferlykjen mei in provinsje yn oare lannen sa as yn Nederlân. It wurd oblast betsjut letterlik "gebiet"[1] en komt benammen foar yn lannen mei in Slavyske taal en lannen dy't earder part fan de Sovjet-Uny wiene.

Oblasten lizze ornaris ien laach ûnder it nasjonale bestjoerslaach en binne fierder ûnderferparte yn distrikten, el wol rajons neamd. Meastentiids binne de oblasten neamd nei it bestjoerlik sintrum dêrfan.

Yn guon eardere Sovjetrepubliken waard nei 1991 it wurd oblast omneamd nei in namme dy't ôflaat is fan it Arabyske wilaya. Dat jild foar Uzbekistan en Tadzjikistan (viloyat) en Turkmenistan (welayat).

Sûnt 2000 fynt der yn Ruslân in grutte weryndieling fan it bestjoerlik systeem plak. Ien fan de feroarings wie it opsetten fan federale distrikten, in oerkoepeljende bestjoerslaach dêr't de oblasten, krajs, republiken, autonome gebieten en federale stêden yn groepen ynferparte wurde. Ek in stel fan de gebietsdielen waarden gearfoege ta gruttere ienheden.

  1. https://www.duden.de/rechtschreibung/Oblast

Oblast

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne