Peter Simon Pallas | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Peter Simon Pallas | |
nasjonaliteit | Prusysk Russysk | |
berne | 22 septimber 1741 | |
berteplak | Berlyn (Prusen) | |
stoarn | 8 septimber 1811 | |
stjerplak | Berlyn (Prusen) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch, antropolooch | |
aktyf as | soölooch, botanikus, publisist, arachnolooch, ornitolooch, mammalooch, ûntdekkingsreizger | |
jierren aktyf | 1760 – 1811 | |
bekendste wurk(en) |
Spicilegia Zoologica Reise durch Verschiedene Provinzen des Russischen Reichs |
Peter Simon Pallas (Berlyn, 22 septimber 1741 – dêre, 8 septimber 1811) wie in foaroansteand Prusysk wittenskipper, dy't in grutte bydrage levere oan ferskate tûken fan 'e biology, wêrûnder de botany en de taksonomy, mar ek de ornitology, de mammalogy en de arachnology. Yn syn jonkheid wied er ferbûn oan 'e Universiteit fan Leien, mar letter libbe en wurke er tsientallen jierren yn Ruslân. Dêr ûndernaam er ferskate ûntdekkingsreizen wêrby't er in grut tal bistesoarten 'ûntdiek' dy't doedestiden nij wiene foar de Westerske wittenskip.