Phoenix | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Arizona | |
County | Maricopa County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.488.750 (2012) | |
Oerflak | 1.338,3 km² (ynkl. wetter) 1.335,1 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.080,2 / km² | |
Stêdekloft | 4.263.236 (2010) | |
Hichte | 331 m | |
Oar | ||
Stifting | 1867 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | gjint (UTC-7) | |
Koördinaten | 33°26′54″N 112°04′26″W | |
Offisjele webside | ||
www.phoenix.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Phoenix yn Maricopa County en yn 'e steat Arizona. |
Phoenix (útspr.: ['fi:nɪks]; Papago-Pima: S-ki:kigk; Javapai: Wakatehe; Westlik Apache: Fiinigis; Navaho: Hoozdoh; Mohave: Hachpa 'Anya Nyava) is de haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona. It is ek it haadplak fan Maricopa County. Mei (neffens in offisjele skatting út 2012) krapoan 1,5 miljoen ynwenners is it fierders de op fiif nei grutste stêd fan it hiele lân, en ek de grutste steatshaadstêd fan 'e Feriene Steaten. Mei alle foarstêden derby hat it as stêdekloft in befolking fan hast 4,3 miljoen minsken. Dy stêdekloft wurdt wol de Valley of the Sun ("Delling fan 'e Sinne") neamd, mei't it yn Phoenix yn 'e regel sinnich en smoarhjit is. De stêd leit dan ek yn 'e noardeasthoeke fan 'e Sonoara-woastyn, justjes súdwestlik fan 'e midden fan Arizona. Mear as 40% fan 'e befolking bestiet út Latino's, en 27,6% is Spaansktalich. Mei't Phoenix hast 1.100 km² beslacht, is it ek kwa lânoerflak ien fan 'e grutste Amerikaanske stêden.