In piercing (fan it Ingelske wurd dat "trochboarring" betsjut) is in foarm fan lichemsfersiering wêrby't in gatsje boarre wurdt yn in diel fan it minsklik lichem, sadat dêrtrochhinne in sieraad oanbrocht wurde kinne. De oantsjutting 'piercing' kin sawol ferwize nei it boarjen fan syn gatsje, as nei it eigentlike gatsje sels. It ferwiist lykwols yn prinsipe net nei it sieraad dat troch sa'n gatsje droegen wurdt (hoewol't it wurd yn it gewoane spraakgebrûk wolris sa brûkt wurdt). Hjoeddeistige piercingpraktiken beklamje it gebrûk fan steryl ark, mei't it oanbringen fan in piercing yn prinsipe lykslein wurde kin mei it meitsjen fan in wûne, en der dus in risiko op ynfeksje bestiet. Oare risiko's binne allergyske reäksjes en groedefoarming. De genêzingsperioade fan piercings rint útinoar fan in moanne foar guon genitale piercings oant soms wol twa jier foar in nâlpiercing.