Pilekaaneftigen

Pilekaaneftigen
pilekaan (Pelecanus onocrotalus)
pilekaan (Pelecanus onocrotalus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
Sharpe, 1891

De pilekaaneftigen (wittenskiplike namme: Pelecaniformes) foarmje in skift fan de klasse fan de fûgels (Aves), en it boppeskift fan de nije fûgels (Neoaves). Ta dit skift hearre sa'n 120 ûnderskate soarten fûgels. De pilekaaneftigen komme yn grutte dielen fan de wrâld foar, mei útsondering fan 'e poalgebieten, altyd op of deunby it wetter fan seeën, marren of rivieren. Foar it meastepart libje de pilekaaneftigen fan fisk.


Pilekaaneftigen

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne