Piter Wilkens

Piter Wilkens
sjonger en/of muzikant
Piter Wilkens mei de Fryske Jeugd Brassband op Helgolân 2001
Piter Wilkens mei de Fryske Jeugd Brassband op Helgolân 2001
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 augustus 1959
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Frysk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1979-no

Piter Wilkens (Ljouwert, 26 augustus 1959) is in Frysk sjonger en tekstskriuwer, dy't meast yn it Frysk sjongt, mei no en dan in Ljouwertersk ferske. Hy wennet yn Marsum mei frou en twa bern.

Wilkens syn repertoire is in mjuks fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rock 'n roll. Fan willepunk oant folkfers, fan jankfodden oant ballades. Hy skriuwt it measte sels.

Wilkens is ien fan de meast súksesfolle artysten yn de Fryske Top 100. Hy is de sjonger mei de measte notearrings yn de list fan Fryske ferskes alle tiden. Yn 2009 stie hy mei tsien nûmers yn de list, wêrfan syn liet It paad werom it heechste kaam mei it 8e plak.


Piter Wilkens

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne