In pornoakteur of pornoaktrise (ek stavere as porno-akteur of porno-aktrise; en koart foar pornografysk akteur of pornografysk aktrise) is immen dy't in pornografyske rol spilet (d.w.s. dy't seksuële ferrjochtings docht) yn in film, dat ornaris in pornografyske film wêze sil. Om't sokke pornofilms besykje om in oansprekkende seksuële fantasij ta libben te bringen, wurde pornoakteurs benammen selektearre op lichaamlike skaaimerken dy't by sa'n soarte fantasij passe. It fermogen om wier aktearje te kinnen is dêroan ûnderhearrich. Dat wol net sizze dat pornoakteurs net hoege te aktearjen, sa't gauris beweard wurdt. Want allinnich al om oertsjûgjend te bearen dat men mei immen seks hawwe wol dy't men eins kâld lit of miskien wol net lije mei, ûnoantreklik fynt of sels net útstean kin, is op himsels al in flinke aktearprestaasje.