Jovana Janković , presintatrise fan it Eurofyzjesongfestival fan 2008 .
In presintator of presintatrise is in persoan dy't programma's presintearret op 'e tillefyzje of mooglik op 'e radio , al wurdt yn dat lêste gefal yn 'e regel sprutsen fan in radiopresintator . Ek eveneminten dy't net útstjoerd wurde, kinne in presintator hawwe. Faak is in presintator ek (of fral) wurksum yn in oare funksje, lykas dy fan akteur , sjonger of model .
Der binne ferskate spesifike soarten presintators:
Fideojockey of VJ: de presintator fan in popmuzykprogramma op 'e tillefyzje.
Kwismaster : de presintator fan in kwis of spulprogramma, dy't behalven as gasthear ornaris ek de skiedsrjochter is. Grutte kwismasters út it ferline wiene op 'e Nederlânske tillefyzje Willem Ruis , Fred Oster , Rudi Carrell , Hans van der Togt , Ted de Braak en Jos Brink . Noch altyd aktyf binne û.m. Linda de Mol en Caroline Tensen .
Nijslêzer : de presintator fan in nijsbulletên, lykas it NOS Journaal of it RTL Nieuws . In nijslêzer is nettsjinsteande de namme ek in nijsskriuwer, en dêrmei behalven presintator ek sjoernalist . Foarbylden: Pia Dijkstra , Joop van Zijl , Fred Emmer , Eva Jinek , Astrid Kersseboom , Annechien Steenhuizen , Sacha de Boer , Philip Freriks , Rob Trip , Rick Nieman en Merel Westrik .
Nijsanker (ôflaat fan 'e Ingelske term anchor of anchorman ): de fêste nijslêzer fan in deistich nijsbulletên.
Omropper : immen dy't op 'e tillefyzje spesifyk yn byld brocht wurdt om programma's oan te kundigjen. Yn Nederlân is soks efterhelle, mar op 'e Flaamske tillefyzje bestiet it noch altyd. Foarhinne makken yn Nederlân lju as Hans van der Togt , Hans van Willigenburg , Myrna Goossen , Julia Samuël en Quinty Trustfull karriêre as omroppers.
Radiopresintator : de presintator fan in programma op 'e radio .
Waarman : de presintator fan it waarsegmint fan it nijsbulletên, yn 'e regel in diplomearre meteorolooch . Foarbylden: Hans de Jong , Jan Pelleboer , Piet Paulusma , Erwin Krol , Peter Timofeeff , Diana Woei en Marco Verhoef .