Ramsay MacDonald

Ramsay MacDonald
politikus
echte namme James Ramsay MacDonald
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 12 oktober 1866
berteplak Lossiemouth (Skotlân)
stjerdatum 9 novimber 1937
stjerplak op 'e Atlantyske Oseaan
etnisiteit Skotsk
partij Labourpartij
premier fan it Feriene Keninkryk
amtsperioade 19291935
foargonger Stanley Baldwin
opfolger Stanley Baldwin
lieder fan de Britske Labourpartij
amtsperioade 19221931
foargonger John Robert Clynes
opfolger Arthur Henderson
premier fan it Feriene Keninkryk
amtsperioade jannewarisnovimber 1924
foargonger Stanley Baldwin
opfolger Stanley Baldwin
Britsk minister fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade jannewarisnovimber 1924
foargonger markys Curzon
opfolger Austen Chamberlain
lieder fan de Britske Labourpartij
amtsperioade 19111914
foargonger George Nicoll Barnes
opfolger Arthur Henderson
lid fan it Britske Legerhûs
amtsperioade 19061918
19221937
lid fan 'e County Council fan Londen
amtsperioade 19011905

Ramsay MacDonald (folút: James Ramsay MacDonald; Lossiemouth (Skotlân), 12 oktober 1866 – ûnderweis op 'e Atlantyske Oseaan, 9 novimber 1937) wie in Britsk politikus fan Skotsk komôf. Hy wurdt yn 'e mande mei Keir Hardie en Arthur Henderson beskôge as ien fan 'e oprjochters fan 'e Britske Labourpartij, hoewol't dy partij him lange tiid as in ferrieder beskôge hat fanwegen syn gearwurking mei de Konservativen ûnder de Grutte Depresje. MacDonald waard yn 1906 lid fan it Britske Legerhûs en soe dêr oant syn dea yn 1937 lid fan bliuwe, útsein de perioade fan fjouwer jier tusken 1918 en 1922. Yn 1924 waard er de alderearste sosjalistyske premier fan it Feriene Keninkryk, en hy late trije ûnderskate regearings, wêrûnder in regear fan nasjonale ienheid fan 1931 oant 1935. Yn 'e Nederlânske kontekst kin Ramsay MacDonald as de Britske wjergader fan Piter Jelles Troelstra beskôge wurde.


Ramsay MacDonald

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne